NMF Friesland Samen voor een mooi en duurzaam Fryslân.
Menu
Ien dei út it knisterjende libben fan in pûdsje

Ien dei út it knisterjende libben fan in pûdsje

Organisatie:Tryater

Tijd:14:00 uur

Datum:8 maart 2017

Locatie:Stadsschouwburg De Harmonie

Adres:Ruiterskwartier 4, Leeuwarden

Kosten:12,50

Meer informatie:Stadsschouwburg De Harmonie

Bezoek website

Dit is de risselbosk. It mobile natueredukaasjesintrum fan de bonkige boskwachter Frits Rits. No sille jim yn ‘e kunde komme mei al dy bjusterbaarlike saken dy’t de natuer ús te bieden hat. En as it goed is wurdt Frits hjoed ek noch assistearre troch syn kreaze suster Rita. No moatte we al hoopje dat se har pûdsje by har hâldt. Want dat pûdsje is fan plastic, en plastic heart net yn de natuer. Plastic heart yn ‘e bak. De Sweedske snor wol gjin plastic oan ‘e poepert hawwe en de Frânske knakwjirm moat der fan spuie.

Freek Vonk meets Hans Klok yn in bombastyske natuertrip oer plastic, hûnekeutels en in grut, grien kykgat. Foar bern fan 4 oant 6 jier.

In oere foar de foarstellingen yn de teaters fynst yn de foyer ús stoffen rêchpûdsjes dy’t bern fersiere meie, én De Slimme Trapper: in bakfyts fan Bibliotheekservice Fryslân/Frysklab wêrmei’t bern plastic recyclje kinne. Mei dat plastic kinne se in 3D-printsje meitsje. Kom dus wat earder en nim in brûkt plastic fleske mei!

Volg ons via social media
Wij worden gesteund door:
Provincie Fryslân
CBF